Please click here to leave an anniversary message (in any language you choose). You do not need to be a member of Lowlands-L to do so. In fact, we would be more than thrilled to receive messages from anyone. Click here to read what others have written so far.
What’s with this “Wren” thing?
The oldest extant version of the fable
we
are presenting here appeared in 1913 in the first volume of a two-volume anthology
of Low
Saxon folktales (Plattdeutsche
Volksmärchen “Low German Folktales”)
collected by Wilhelm Wisser (1843–1935). Read
more ...
yn
namme is Tomoki Minohara (berne yn 1982). Ik bin berne en wenje yn Nagasaki,
in prefektuur op it eilân Kyushu, dat súdlik en westlik fan Japan leit. De skiednis
fan Nagasaki prikele myn nijsgjirrigens nei frjemde talen, yn it bysûnder it
Hollânsk.
Ûnder de ôfslutingsperioade (fan 1641 oant 1853) wie Nagasaki de iennichste stêd,
dy’t mei guon Europeeske lannen hannele. Myn stêd wie it sintrum fan Nederlânkunde
(Rangaku) en de kunde oan it Nederlânsk fersprate him dêrútwei oer Japan. Om
dy reden haw ik in besûndere niget oan it Nederlânsk.
Orandazaka
(„Hollân-Helling“)
yn Nagasaki
Ik bin tige nijsgjirrich nei dialekten en streektalen. Wylst ik in taalkursus
oan ’e universiteit yn Frankryk die, wie ik útfanhûs by in húshâlding mei in
studint út Flaanderen wei. Doedestiids koe ik noch gjin Nederlânsk mar ik krige
wol algemiene kennis oer it taalgebiet fan België, dat hy koe my de ferskillen
tusken it Nederlânsk en it Flaamsk útlizze. Ik fûn it noflik om syn telefoanpetear
mei syn famylje yn it Flaamsk (it dialekt fan syn streek) te hearren. It wie
in prachtige ûnderfining en dat hat my ta it beslút brocht om Nederlânsk te
learen.
Ik hawwe in sterke passy foar talen. Fan 1996 ôf oant hjoed bestudearje ik benammen
de Romaanske talen. Ik praat Italjaansk, Frânsk, Spaansk, Galisysk, Portugeesk
en Katalaansk. Yn 2003 bin ik mei Nederlânsk en Frysk tagelyk begûn. Ik haw
niget ek oan it Dútsk, Platdútsk, Stellingwerfsk en Afrikaans. Ik bin bliid
dat ik de gelegenheid haw om dizze talen te brûken.
Ik genietsje fan de wrâldwide kommunikaasje hjier!